Notulearservice De Griffel

Notulearservice De Griffel biedt jo kwalitatyf goede ferslaggen, dy’t op ’e tiid oanlevere wurde, besparring op ûnderstypjende formaasje en ferfanging by ôfwêzigens fan in fêste notulist.

Wy fersoargje ferslachlizzing op it mêd fan rieds- en kommisjegearkomsten, mar ek fan bygelyks gearkomsten fan de ûndernimmingsrie. Dêrneist hearre ferslaggen fan harksitten en ynsprekjûnen ta de mooglikheden.

Dizze ferslaggen kinne sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk óf yn it Nederlânsk én Frysk – ôfhinklik fan de sprektaal fan de wurdfierder – oanlevere wurde. Ek sette wy oarspronklik Nederlânske teksten oer yn it Frysk en oarsom.