Kosten

De kosten binne ôfhinklik fan de keazen ferslachfoarm en fansels fan de lingte fan de gearkomste. Fergaderoeren binne ynklusyf ûnderbrekkings en pauzes. It oantal fergaderoeren wurdt op in heal oere nei boppe ta ôfrûne. It makket neat út oft de gearkomste oerdei of op jûntiid is.

Wurdt der op sneon of snein fergadere dan komt der in taslach oer de fergaderoeren hinne fan 50, respektivelik 100%. As it ferslach binnen 48 oeren oanlevere wurde moat, wurdt it taryf ferdûbele.

Dêrnjonken wurde reiskosten yn rekken brocht fan it wenplak fan de notulist oant it plak fan de gearkomste en werom. Ek wurde, as dat fan tapassing is, de makke parkearkosten yn rekken brocht.

Ofhinklik fan de ferslachfoarm wurde de fergoedings sa berekkene:

ferslachfoarm tarieding fergaderfaktor útwurkingsfaktor
beslutelist 1 oere 1 1
gearfetsjend 1 oere 1 2
wiidweidich 1 oere 1 3
Kosten oersettings
Foar ien side tekst A4 wurdt 1 oere yn rekken brocht. Dat is ek it minimumtaryf. By haastopdrachten (oanlevering binnen 48 oeren) wurdt it taryf ferdûbele.

Op oanfraach stjoere wy jo in offerte op maat.