Oer ús

Notulearservice De Griffel is op 1 juny 2004 oprjochte troch in oantal fennoaten mei in amtlike eftergrûn yn tsjinst fan inkele middelgrutte gemeenten yn Fryslân.

De wurksumheden wurde dien troch meiwurkers dy’t én ûnderfining hawwe mei it meitsjen fan ferslaggen én wurkûnderfining hawwe by de gemeentlike of provinsjale oerheid, it ûnderwiis, de soarch en oare fakgebieten. Fansels jildt foar de notulist deselde geheimhâldingsplicht as foar de oare oanwêzigen by in besletten gearkomste.

Yn ús jierrenlange wurkpraktyk hawwe wy in protte ûnderfining opdien mei politike beslútfoarmingsprosedueres, de tarieding en de ferslachjouwing dêrfan.

Mei De Griffel wolle wy dizze ûnderfining beskikber stelle oan gemeentlike en oare ynstânsjes yn de non-profit sektor, sa as regionale soarchynstellings, ûnderwiissintra, wenningkorporaasjes en wolwêzensorganisaasjes. Underwilens hawwe ek kommersjele bedriuwen ús tsjinstferliening ûntdutsen.

In oersjoch fan ús opdrachtjouwers is opnommen yn ús ynformaasjepakket.