Wurkwize

De notulist(e) kriget yn ’t foar in set fergaderstikken om him/har tariede te kinnen op de gearkomste.

It ferslach wurdt levere yn de foarm dy’t jo ha wolle. Dat kin wêze:

  • in beslutelist (der wurdt by elk agindapunt allinne werjûn wat der besletten is),
  • in koart ferslach (njonken it beslút wurde ek de wichtichste oerwagings en de stimferhâldings werjûn),
  • in gearfetsjend ferslach (hjiryn binne ek partijen, sprekkers en stânpunten sichtber en wurdt in gearfetting fan itjinge der besprutsen is werjûn),
  • of in wurdlik ferslach (de sprektaal wurdt hjirby omset yn skriuwtaal mei in sa sekuer mooglike werjefte fan itjinge der sein is).

Foardat in ferslach oan de opdrachtjouwer tastjoerd wurdt, wurdt it earst noch neisjoen troch in betûft korrektor. Levering fan it ferslach bart binnen de tiid dy’t dêrfoar ôfpraat is.

By oersettings wurdt troch jo de tekst dy’t oerset wurde moat digitaal of skriftlik oanlevere, wêrnei ’t wy binnen de dêrfoar ôfprate tiid in oersetting oanleverje.