thús
....
| ....oer ús.... | ....wurkwize.... | ....kosten.... | ....kontakt

 

 

 

Nederlands | Frysk

 

 

Notulearservice De Griffel stiet foar kwalitatyf goede ferslaggen, op ‘e tiid oanlevere, besparrings op formaasje en ferfanging by ôfwêzichheid fan de fêste notulist.

Wy kinne de ferslachjouwing fersoargje fan rieds- en kommisjegearkomsten, mar ek fan bygelyks oandielhâldersgearkomsten en gearkomsten fan de ûndernimmingsried of it Organisearre Oerlis. Ek ferslaggen fan harksitten en ynspraakjûnen binne mooglik.

De ferslaggen kinne sawol yn de
Nederlânske taal as yn it Frysk of yn it
Nederlânsk én yn it Frysk – ôfhinklik fan
de sprektaal fan de wurdfierder –
oanlevere wurde.

Njonken it meitsjen fan ferslaggen kinne
wy – as soks winske wurdt – ek  fan
oarsprong Nederlânsktalige teksten foar
jo yn it Frysk (en Poalsk) oersette. Ek
kinne we teksten en artikelen skriuwe.

As lêste kinne wy foar jo bemiddelje yn represintative fergaderromten op moaie lokaasjes, sintraal yn de provinsje en goed te berikken mei de auto en oer ‘t spoar.



Notuleerservice De Griffel Sinnebuorren 16
8491 EG  Akkrum
tel. 0566-653815
fax 0515-521834
mob. 06-49830986/
mob. 06-51126700
info@notuleerservicedegriffel.nl